Dochsto mei oan it Grut Frysk Diktee?!
It hiele Aldehoustertsjerkhôf fol mei skoalbankjes mei minsken dy´t meidogge oan it Grut Frysk Diktee. Dat is it doel foar 21 juny 2018.
Welmoed Sijtsma, presintatrise fan it NOS Jeugdjournaal, skriuwt it diktee. Se hâldt it koart en makket it net dreech, hat se tasein. Falt der ek wat te laitsjen? Wis en wrachtich, want it motto is: it diktee fan 2018 wurdt in feestje! It diktee wurdt opnommen troch Omrop Fryslân. Doarsto net on camera mei te skriuwen? Doch dan thús op 'e bank mei.
It Grut Frysk Diktee fynt plak op tongersdei 21 juny tusken 19.00 en 21.00 oere op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Meidwaan? Tsjek www.fryskdiktee.frl en jou dy op.
Gek op moade, mar witst it eefkes net? Gjin noed, de kommende dagen publisearje wy alle dagen in moadetrend. Oan 'e ein fan dizze wike witst dus presys watst oan ha moatst. Hjoed alfêst in sneak peek.
#LinKkToTheRescue #Moadefamke #Moadejonge #trends #fashion
Lekker, ynsekten!
Wa’t yn Colombia nei de bioskoop giet, bestelt gjin popcorn mar frituerde eamelers (mieren). Dêr is it hiel gewoan om ynsekten te iten. Der wurdt sein dat wy hjir minder fleis it moatte. En mear ynsekten. Wêrom? Omdat it sûn is en better foar de wrâld. Dus fuort mei dy hamburger, wolkom ynsekten...!
KATSJING SWIFT EN OARE RIKE STJERREN
Taylor Swift hat de leafde fan har libben noch net fûn. Mar oer har eksen falt genôch te skriuwen en te sjongen. Al dat hertsear smyt fette hits op. En dat smyt wer fette dollars op. La Swift wie de bêst fertsjinjende fan 2016. Oare rike stjonkerds fynst yn dizze top 5!
Taylor Swift - 170 miljoen
Lionel Messi - 81,5 miljoen
Adele - 75 miljoen
Rihanna - 70 miljoen
Justin Bieber - 52 miljoen